Keatskarmaster kriget ekskús en blomke nei ynsidint

Keatsbûn KNKB hat karmaster Siebren Wassenaar út Winsum tiisdei ekskús en in blomke oanbean nei oanlieding fan in ynsidint yn Itens. By de earste klassepartij foar manlju fan sneon yn Itens mocht Wassenaar net karmasterje fan de skiedsrjochter. Syn eagen soene net mear goed genôch wêze. Hy stie al op it fjild, mar moast fuort en in jongere karmaster naam it wurk oer.
Neffens it keatsbûn hie op in earder momint mei Wassenaar oerlein wurde moatten oft er noch yn steat is te karmasterjen. It keatsbûn beneidrukt dat frijwilligers o sa wurdearre wurde en nedich binne yn de keatserij. Wassenaar krige ferûntskuldigingen fan it keatsbûn, in bosk blommen en twa kaarten foar de PC yn Frjentsjer. Wassenaar sil tenei net mear by KNKB-wedstriden op de foarline stean.