Priissjitte yn Bûtenpost: SC Hearrenfean wint mei 16-1

04 jul 2017 - 20:59

Sportklup Hearrenfean hat tiisdeitejûn de twadde oefenwedstriid fan it nije seizoen mei romme sifers wûn. Bûtenpost waard op sportpark De Swadde mei mar leafst 16-1 ferslein.

Jan Ras iepene nei sân minuten de skoare foar Hearrenfean en Jizz Hornkamp ferdûbele nei 25 minuten de foarsprong: 2-0. Noch foar it skoft kamen ek de 3-0, 4-0 en 5-0 op it skoareboerd troch in goal fan Daniel Hoegh en twa fan Pelle van Amersfoort.

Nei it skoft kaam der in folslein nij alvetal it fjild op. Ek dizze alve skoarden der lustich op los. Henk Veerman boude de foarsprong út nei 6-0, krekt foardat Bûtenpost wat werom die fia Berend Jan Schootstra: 6-1. Dêrnei rûn Hearrenfean fia Dennis Johnsen, Joost van Aken, nochris Henk Veerman, de 15-jierrige Arjen van der Heide, Jeremiah St. Juste en wer Henk Veerman út nei 12-1. Michel Vlap skoarde 13-1 en 14-1, Tristan Borges de 15-1 en Henk Veerman brocht de einstân fan mar leafst 16-1 op it skoareboerd.

Foarige wike wûn SC Hearrenfean de earste oefenwedstriid fan it seizoen tsjin de Regio Seleksje fan Súdwest-Fryslân mei 5-0.

Opstelling earste helte: Wouter van der Steen, Vanja Drkusic, Daniel Hoegh, Kik Pierie, Caner Cavlan, Julius Magnusson, Pelle van Amersfoort, Ivan Rako, Jordy Bruijn, Jizz Hornkamp en Jan Ras.

Opstelling twadde helte: Warner Hahn, Jamal Amofa, Joost van Aken, Jeremiah St. Juste, Doke Schmidt, Stijn Schaars, Tristan Borges, Michel Vlap, Arjen van der Heide, Henk Veerman en Dennis Johnsen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)