BurgumMobyl ferfiert al in jier âlderein, mar ek toeristen

05 jul 2017 - 06:45

Tweintich kear deis is der ien dy't in ritsje meitsje wol yn ien fan de elektryske taksys dy't yn Burgum omride. Dat hiene de frijwillige sjauffeurs net tocht, doe't se dêr woansdei op de kop ôf in jier ferlyn mei begûnen. Foar frijwilligers fan de BurgumMobyl is der woansdeitemiddei in feestlike gearkomste. En minsken dy't dan in ritsje meitsje, krije in kadootsje.

Rollator mei

De BurgumMobyl is in inisjatyf om âlderein sûnder eigen ferfier te helpen, as se bygelyks nei de dokter, apoteek of winkel moatte. In ritsje kostet 1 euro. De measte passazjiers binne âldere minsken dy't wat minder mobyl binne. Faak giet de rollator dus mei.

Ek toeristen

Mar nei in jier docht bliken dat it net allinnich âldere minsken binne dy't mei de BurgumMobyl meiride. Toeristen dy't mei de boat yn de jachthaven lizze, meitsje ek gauris gebrûk fan de weintsjes, as se te boadskipjen moatte.

Isolemint

De BurgumMobyl is in idee fan Hanneke Haarsma-Kooistra. Sy wurket yn de sûnenssoarch en seach dat benammen âldere minsken gjin eigen ferfier hawwe en dêrtroch yn in isolemint reitsje kinne. It jild foar de twa taksys komt foar in part fan de provinsje. It giet om twa elektryske weintsjes mei sinnepanielen op it dak.

Trefwurden: 
BurgumMobyl Burgum
(Advertinsje)
(Advertinsje)