Akwadukt Drachtsterwei Ljouwert yn augustus klear

04 jul 2017 - 20:17

It akwadukt yn de Drachtsterwei yn Ljouwert giet yn augustus yn fazen iepen foar it ferkear. Fan 31 augustus ôf sil de Drachtsterbrêge net mear brûkt wurde. Dat hat deputearre Sietske Poepjes bekend makke.

Op 7 augustus ride de earste auto's de stêd yn fia de eastlike baan. In wike letter kinne de auto's dy't de stêd út wolle de nije dyk ek brûke. Foar dy tiid wurdt it gebiet noch twa wykeinen sletten foar it ferkear. Wannear't dat krekt wêze sil, wurdt noch bekend makke.

Brêge ôfbrutsen

It ôfbrekken fan de Drachtsterbrêge set yn septimber útein. Dêrnei wurdt noch in sloeperûte groeven fan it Van Harinxmakanaal nei de binnenstêd fan Ljouwert. As lêste wurdt it bouterrein ynrjochte met struken en beammen. Ein desimber moat it hiele projekt klear wêze.

''Utstelde datum wurdt helle''

De iepening fan it akwadukt komt folle letter as de bedoeling wie. Troch ferskate problemen rûn de bou in jier fertraging op. Ein desimber ferline jier makke bouwer Heijmans bekend dat 31 augustus de nije datum foar de iepening wurde soe. Dat liket no te slagjen.

Skeafergoeding

Poepjes wit dat de bou foar in soad oerlêst soarge hat by de omwenners. In diel fan harren hat dêr skeafergoeding foar krigen, soms yn natura (bygelyks troch it opknappen fan de tún) en soms finansjeel.

Trefwurden: 
akwadukt Drachtsterwei
(Advertinsje)
(Advertinsje)