FVC ferhuzet mooglik nei nij sportkompleks by Ljouwert

De Ljouwerter fuotbalferiening FVC ferhuzet yn de takomst mooglik nei in nij sportkompleks oan de Overijsselselaan yn Ljouwert. Dat is alteast it foarstel fan boargemaster en wethâlders fan Ljouwert. FVC spilet no noch op sportkompleks Wiarda tegearre mei Blau Wyt '34. Mar dat is te lyts. Neffens wethâlder Andries Ekhart is dêr noch romte foar útwreiding mei trije nije fjilden. Mar dat is mei it each op de fraach fan beide ferienings lang net genôch. Boppedat is de fraach nei nije huzen yn de omkriten fan de fuotbalfjilden grut.
B. en w. fine dat de beskikbere grûn better brûkt wurde kin foar huzebou. FVC kin dan ferhúzje nei de Overijsselselaan dêr't nije fjilden oanlein wurde sille. Ekhart seit dat FVC de plannen wol sitten sjocht. Ek oare sporten soenen eventueel oan de Overijsselselaan plak fine kinne.
De totale kosten fan it nije kompleks wurde skat op in lytse 6 miljoen euro. Op dit stuit is dêrfan foar de útwreiding fan it Wiardakompleks al 1,5 miljoen beskikber. De gemeenteried moat him de kommende tiid oer it foarstel fan b. en w. bûge. De útfiering wurdt in taak foar it nije gemeentebestjoer dat nei de gemeenteriedsferkiezingen fan novimber it stokje oernimt. FVC spilet sûnt 2010 op Wiarda.