Weakkebôle mei prommen op waskdei

Doukje Douma fan Dat Wie Doe Sa siket smoute ferhalen en resepten fan âlde streekgerjochten dy't yn Fryslân in soad makke waarden. Dat kin it iten wêze dat eartiids iten waard op jierdeis, brulloftsfeesten, by it wurk op it lân of op waskdei (weakkebôle mei prommen).
Smaakferlies
"Wy wolle in gerjochteboek meitsje dat spesifyk rjochte is op âlderen. In soad âlderen hawwe te meitsjen mei smaakferlies. Ut ûndersyk hat bliken dien dat 35% fan de minsken dy't thús soarch hawwe, te min ite."
"Smaak kinst stjoere"
"It soe moai wêze dat wy dêr wat oan dwaan kinne. Wy hawwe dêroer kontrakt mei Soarchbelang Fryslân, Hof en Hiem en Puer Thijs en Jelle Ferwerda. Doel is om mei streekgerjochten de minsken wer mei smaak ite litte te kinnen. Dat dogge wy mei smaakstjoering. Dêr is in stúdzje nei dien en de koks dy't oan it boek meiwurkje witte dêr alles fan. Troch gerjochten krekt wat oars klear te meitsjen, mei krekt wat oare yngrediïnten, kinne jo in dat smaakferlies foar in part wer opheffe."
Ferhalen en resepten kinne trochjûn wurde op datwiedoesa@gmail.com of 058 234 30 70!