Lilke Ljouwerter bedriget plysje mei de dea by arrestaasje

04 jul 2017 - 18:14
Foto: ANP XTRA

In 51-jierrige Ljouwerter hat tiisdeitemoarn betiid in plysje-agint mei de dea bedrige. Dat barde neidat de fertochte al oppakt wie fanwege lûdsoerlêst op de Pieter Stuyvesantwei yn Ljouwert.

By de oanhâlding besocht de fertochte de plysjes te slaan, mar dy krigen him mei hurde hân yn de plysje-auto om him nei it buro te bringen. Yn de auto bedrige er in plysje-agint mei de dea. De agint hat dêrop oanjefte dien. De fertochte sit fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
bedriging Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)