Reiskosten bern ynset saak Ried fan Steat

04 jul 2017 - 17:21
Justysje - Foto: Omrop Fryslân

In âlderpear út Weststellingwerf wol fia de Ried fan Steat ôftwinge dat de gemeente reiskostefergoeding betellet foar de bern. Se hawwe trije heechbejeftige bern dy't yn Meppel nei skoalle gean.

Ynkommen te heech

Om foar reiskostefergoeding yn oanmerking te kommen sjocht de gemeente nei it ynkommen fan de âlden en dat wie krekt te heech. Der wurdt allinnich nei it ynkommen sjoen as de ôfstân nei de skoalle mear as tweintich kilometer is. En yn dit gefal giet it om 24,3 kilometer.

Baan opsein

De mem hat fiif jier ferlyn har baan opsein om de bern nei skoalle te bringen en ek wer op te heljen. Se pleitet derfoar dat se in fergoeding kriget dy't by 20 km heart.

Neffens de Ried fan Steat mei de gemeente in kilometergrins lûke. Weststellingwerf seit dat de gemeente al royaal west hat. De 'feroardening learlingeferfier' jildt eins inkeld foar âlden dy't gjin godstsjinstige skoalle yn de buert fine kinne.

De heechbejeftige bern gean nei Meppel om ûnderwiiskundige redenen. It pear fiert al fiif jier striid mei de gemeente. De Ried fan Steat docht oer seis wike útspraak.

Trefwurden: 
Ried fan Steat reiskosten
(advertinsje)
(advertinsje)