Skea oan fiadukt troch trekker mei houtfersnipperder

04 jul 2017 - 17:14
Foto: De Vries Media

In trekker mei houtfersnipperder is tiisdeitemiddei tsjin in fiadukt oanriden op de Haadwei yn Wolvegea. De bestjoerder hie net troch dat de opfangbak fan de fersnipperder noch omheech stie en rekke it fiadukt dêr't de A32 oerhinne giet. De trekkerrider rekke ferwûne en is nei it sikehûs oerbrocht. De fersnipperder en it fiadukt hawwe skea oprûn.

Trefwurden: 
ûngelok fiadukt Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)