"Flechtlingen mei ferbliuwsstatus ek benaud foar útsetting"

Protest by de útsetting Burgum tiisdeitemoarn © De Vries Media
Der is in soad eangst ûnder de bewenners fan it asylsikerssintrum yn Burgum dat sy ynkoarten ek útset wurde sille út Nederlân. Dat is de yndruk fan Lolkje Kooijenga fan Vluchtelingenwerk Burgum. Nei oanlieding fan de útsetting fan in Afgaanske húshâlding tiisdeitemoarn út it azc yn Burgum hat sy in soad fragen krigen fan oare bewenners. Sels flechtlingen dy't al in ferbliuwsfergunning hawwe, meitsje harren neffens frou Kooijenga soargen dat sy ek twongen wurde kinne om Nederlân te ferlitten. De man, frou en har dochter dy't tiisdei útset binne, hiene gjin ferbliuwsfergunning en wiene útprosedearre.
Vluchtelingenwerk Burgum wol him noch net dellizze by de útsetting, dy't foar in soad opskuor soarge. Oare bewenners fan it sintrum besochten it buske dêr't de húshâlding yn ferfierd waard, te kearen en kamen dêrby yn konflikt mei de plysje.
Vluchtelingenwerk Burgum wol alle juridyske mooglikheden oangripe om de Afgaanske famylje dochs yn Nederlân hâlde te kinnen omdat harren thúslân net feilich wêze soe.