Man út Snits sûnt 18 juny fermist

04 jul 2017 - 17:03

De plysje is op syk nei de 42-jierrige René van Tuinen út Snits. Van Tuinen wurdt sûnt 18 juny fermist, Hy is doe foar it lêst sjoen yn syn wenplak.

Van Tuinen hat nei alle gedachten in swarte broek oan en learzens. Hy is 1.82 meter lang, hat brún hier en blauwe eagen. Wat mear wit oer René van Tuinen wurdt frege kontakt op te nimmen mei de plysje.

Trefwurden: 
fermist Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)