Swimster Marrit Steenbergen docht it efkes rêstich oan

04 jul 2017 - 16:38
Marrit Steenbergen - Foto: ANP

Swimster Marrit Steenbergen fan Easterwâlde docht net mei oan it wrâldkampioenskip yn Boedapest. Steenbergen hie har kwalifisearre foar de 200 meter frije slach en soe ek op de estafette meidwaan, mar se hat ferlet fan rêst. Se hat in swier eksamenjier op skoalle achter de rêch, plus in jeugd-EK en no is de akku leech, seit haadcoach Marcel Wouda.

Steenbergen helle by it EK foar de jeugd goud op de 100 meter frij en sulver mei de estafetteploech op de 4x100 meter frij.

Trefwurden: 
Marrit Steenbergen swimmen
(Advertinsje)
(Advertinsje)