Trije miljoen ekstra foar Noardlike Fryske Wâlden

04 jul 2017 - 16:35
Natuer - Foto: NFW

De agraryske natuerferiening Noardlike Fryske Wâlden krijt de kommende jierren mei elkoar trije miljoen euro ekstra fan de provinsje. De provinsje jout alle jierren jild oan de sân kollektiven dy't oan agrarysk natuerbehear dogge. De Noardlike Fryske Wâlden hat sa'n soad mear projekten yn de holle, dat mear subsydzje frege wie. Mei dat jild kin no dik 50 bunder ekstra elzesingels en houtwâlen beheard wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)