Spul foar ferstanlik beheinde jongeren oer digitale media

04 jul 2017 - 16:16

De Ljouwerter soarchynstelling Reik mei in nij boerdspul meitsje foar jongeren mei in licht ferstanlike beheining. By it spul moat ek in mobile app komme. Yn gearwurking mei ynstelling ASVZ yn Sliedrecht en sûnensplatfoarm Jouw Omgeving waard it spul Digimant betocht op in ynnovaasjewedstriid fan Mediawijzer. Mei harren idee wûnen se in priis fan 50.000 euro en dêrtroch kin it spul fierder ûntwikkele en útfierd wurde. 

Digimant is der op rjochte om bern en jongeren mei in licht ferstanlike beheining wizer te meitsjen oer hoe't se digitale media goed en feilich brûke kinne. Dat is tige belangryk foar dizze kwetsbere groep, fine de betinkers. It is de bedoeling om it spul yn te setten yn soarchynstellingen en it spesjaal ûnderwiis. 

(advertinsje)