Hoe flean ik mei in drone? Lear it op skoalle

04 jul 2017 - 15:40
In drone - Foto: Omrop Fryslân

De basisskoallen fan skoalkoepel CBO-Meilân gean oan de slach mei in lessesearje oer drones. De lessen binne bedoeld om de bern mear gefoel foar technyk by te bringen. Se leare bygelyks om mear technysk mar ek kreatyf te tinken. Dat binne feardichheden dêr't hieltyd mear ferlet fan is.

De masters en juffen krije earst sels in training, foardat se mei de learlingen oan de slach gean mei de drones. De bern leare ûnder oare hoe't se in drone ûntwerpe en bouwe moatte, en hoe't se dermei fleane moatte.

Trefwurden: 
droen skoalbern
(Advertinsje)
(Advertinsje)