Keunstners fertelle ferhalen fan Skiermûntseach

04 jul 2017 - 14:52
Sudertoer Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

De Stichting Natuurlijk Schiermonnikoog kriget 35.000 euro fan de provinsje foar in projekt foar Kulturele Haadstêd 2018. Skiermûntseach wol dan it ferhaal fan it eilân fertelle, mei ûnder oare lieten, poëzy, foto's, films of keunstwurken. Sa is op elke boerepleats trije wike lang keunst te sjen. Keunstners fan Skiermûntseach nûgje kollega's dy't har eigen lân 'ûntflechte' binne út om ynspiraasje op te dwaan en ta rêst te kommen. En yn de simmermoannen kinne eilanners en besikers by lokaasjes del fytse dêr't ferhalen ferteld wurde.

Ek nei 2018 wurdt it ferhaal fan Skiermûntseach noch trochferteld, ûnder oare mei dokumintêres dy't takom jier makke wurde en in filmfestival.

Trefwurden: 
Skiermûntseach LF2018 KH2018
(advertinsje)
(advertinsje)