UPDATE: Brân yn skipswerf: ien persoan nei sikehûs

04 jul 2017 - 14:04

By in brân op skipswerf De Zwaan yn Wâldsein is tiisdei ien persoan ferwûne rekke. De brân bruts út yn de masinekeamer fan in skip. De automatyske blusynstallaasje begûn fuortendaliks bluspoeier te spuien. Ien persoan hat dat poeier ynaseme. Hy is foar ûndersyk oerbrocht nei it sikehûs.

Om't ynearsten de persoan as fermist opjûn wie, rukten de helptsjinsten manmachtich út. Sa waard ûnder oare de traumahelikopter oproppen. Nei't de man fûn wie, is hy ûndersocht troch meiwurkers fan de ambulânse.

Trefwurden: 
brân skipswerf Wâldsein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)