Ridende keuken foar skoalle Ferwert

04 jul 2017 - 13:40

Basisskoalle Op 'e Trije yn Ferwert hat sûnt koart in eigen keuken. It giet om in ferrydber eksimplaar, dat yn alle klasselokalen brûkt wurde kin. Mei de keuken wurdt de bern it itensieden en bakken bybrocht, as ûnderdiel fan in grutter programma.

Dat is bedoeld om neist de gebrûklike fakken as rekkenjen en taal bern ek oare talinten ûntwikkelje te litten. De keuken is makke mei help fan de âlden. Tiisdei waard er troch Reitse Spanninga offisjeel yn gebrûk naam. Tagelyk waard ek in boerd mei de namme fan de skoalle ûntbleate.

Trefwurden: 
keuken skoalle Ferwert
(advertinsje)
(advertinsje)