Justin Mathieu fan FC Oss nei SC Cambuur

04 jul 2017 - 13:12

Justin Mathieu (21) makket de oerstap fan FC Oss nei SC Cambuur. De oanfallende middenfjilder komt út de jeugdoplieding fan Willem II. Ofrûne seizoen spile hy foar FC Oss en makke hy tsien doelpunten en wie er goed foar tsien assists. Technysk direkteur Gerald van den Belt ferwachtet in soad fan Mathieu: "Het is een echte Cambuurspeler. Mathieu is een jongen met bravoure. FC Oss heeft vorig seizoen heel veel doelpunten gemaakt en daar was hij samen met Tom Boere toch de motor achter."

Justin Mathieu hat nocht oan syn aventoer yn Ljouwert: "Ik heb voor drie jaar getekend en wil zo snel mogelijk promoveren!", sa seit hy.

Ald-Cambuurspiler Furdjel Narsingh sil yn de tarieding op it nije seizoen meitraine mei de beloften. Narsingh spile fan 2014 oant en mei 2016 ek al by de Ljouwerters, mar woe syn kontrakt dêrnei net ferlinge. It ôfrûne seizoen hat Narsingh meitraind mei de amateurs fan Blau Wyt '34 yn Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)