Appelskea krijt elektrysk toeristebuske mei sjauffeur

04 jul 2017 - 13:11

Toeristen yn Appelskea kinne fan nije wike ôf mei in elektrysk buske mei sjauffeur hinne en wer ride tusken it bûtensintrum fan Steatsboskbehear en it sintrum fan it doarp. Minsken kinne fergees meiride en by haltes lâns de rûte opstappe. It giet om in inisjatyf fan de ûndernimmersferiening, dy't 18.000 euro yn de proef stekt.

It buske mei plak foar sân ynsittenden sil oant septimber ride. Dêrnei wurdt besjoen as de proef in ferfolch krijt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)