Bewenners Suderseestrjitte De Lemmer yn protest

04 jul 2017 - 12:09

Bewenners fan de Suderseestrjitte op 'e Lemmer biede fan 'e middei hantekeningen oan oan wenningbouferiening Lyaemer Wonen. Se hoopje dêrmei sloop fan har hierhuzen te kearen. Konkrete plannen dêrta hat Lyaemer noch net, mar neffens Henk Haitsma - de inisjatyfnimmer fan de aksje - liket it dy kant wol op te gean. It giet om hûndert huzen fan sa'n 70 jier âld.

Reaksje Lyamer

Direkteur Aard Rekers fan Lyamer seit yn in reaksje dat se ein septimber mei in tal senario's komme sille. Dan sille se bewenners freegje wat se it leafst hawwe. It binne dan senario's dêr Lyamer ek mei út de fuotten kin.

"Kasko is goed"

Inisjatyfnimmer Henk Haitsma fan de hantekeningaksje is foar in part tefreden mei de reaksje fan Lyamer. Hy hat twa kear te hearren krige dat de technyske steat fan it kasko fan de huzen goed is, dus wêrom is sloop dan nedich? Mar, seit er, as se as ferstannige minsken mei-inoar oerlizze, dan moatte se derút komme.

(advertinsje)
(advertinsje)