Tom Dumoulin yn Profronde Surhústerfean

04 jul 2017 - 11:22

Winner fan de Giro d'Italia Tom Dumoulin komt op 25 july nei de Profronde yn Surhústerfean. Neffens de organisaasje is Dumoulin de grutte fisk dy't se graach binnen helje woene. De Feanster toer kin yn it rôze, skriuwt de organisaasje. Ferline jier moast Dumoulin guon kritearia ôfsizze fanwege in blessuere. Hy hie oanjûn no graach nei Surhústerfean komme te wollen. Neist Dumoulin is ek Pieter Weening fêstlein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)