Bewenners azc Burgum protestearje tsjin útsetting gesin

Sa'n fyftich bewenners fan it asylsikerssintrum yn Burgum ha tiisdeitemoarn foar it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel protestearre tsjin de útsetting fan in Afgaansk gesin. De man, frou en harren dochter moatte werom nei Afganistan, om't se gjin ferbliuwsfergunning foar Nederlân krigen ha. Se binne útprosedearre.
De bewenners besochten earst om de útsetting foar te kommen. Doe't de plysje yngriep, giene se nei it gemeentehûs. Se hiene briefkes by har mei de tekst 'Terugkeer moet stoppen'. Se fine dat Afganistan gjin feilich lân is.
Boargemaster Jeroen Gebben fan de gemeente Tytsjerksteradiel hat mei de bewenners fan it azc praat. Dêrnei binne se weromgien nei it asylsikerssintrum.