Akkoart berikt oer nije cao gemeente-amtners

04 jul 2017 - 09:46
Gemeente-amtners fiere aksje - Foto: ANP

Gemeente-amtners hawwe in nije cao. De fakbûnen en de gemeenten berikten moandeitenacht in akkoart, nei't der al sûnt maart oer praat waard. Yn de nije cao krije amtners ferspraat oer tweintich moannen in leansferheging fan 3,25 prosint. Dêrneist binne der ôfspraken makke om minder minsken yn te hieren en mear mei fêste kontrakten te wurkjen. Boppedat is ôfpraat dat gemeenten it kommende jier 2000 jongeren oan in baan helpe.

De cao giet mei weromwurkjende krêft yn fan 1 maaie 2017 ôf en jildt foar in jier en acht moanne.

Trefwurden: 
amtners gemeente CAO akkoart
(Advertinsje)
(Advertinsje)