Kollum: "Twaddehâns organen"

04 jul 2017 - 08:26

"Der is opnij opskuor oer de orgaandonaasjewet. It is noch altyd in foarstel en moat troch de Earste Keamer, mar tal minsken stean no al op de achterste poaten. Dat binne trouwens ûnderdielen dy’t net geskikt foar donaasje binne, dus dêr hoege se alfêst net oer yn te sitten.

Pia Dijkstra hie it der foarige wike op ferskillende media wer drok mei. Se moast útlizze dat je net automatysk donor binne, yn de âlde sitewaasje net, en yn de eventuele nije sitewaasje ek net. Koart gearfette: froeger wiest allinne donor ast dat sels oanjûn hiest, aanst bist in potinsjele donor, of it moat wêze datst oanjûn hast datst dat net wolst. Dêr krijst ferskillende gelegenheden foar, sadatst net bang hoechst te wêzen dat der ynienen in sjirurch mei in skalpel foar de doar stiet.

Orgaandonaasje is in beladen ûnderwerp. Foar- en tsjinstanners tûmelje oerinoar hinne, de diskusje is behoarlik polarisearre. It is ek net neat, fansels. Toch skynt it sa te wêzen dat fierwei it grutste part fan de befolking foar donaasje is. Dat grutste part hat gewoan it kodisil noait ynfolle. Dat seit ek Denise de Ridder, heechlearaar psychology. Dy neamt de wet fan Pia de ‘Wet tsjin Sleauwichheid’. Goede foarnimmens wurde lang net altyd yn dieden omset. Minsken skowe beslissings foar harren út omdat se oare dingen oan ’e holle ha, ferjitlik of drok binne, of stomwei sa lui as in stôk.

Ik hoech mar nei mysels te sjen om te witten dat dat wier is. Ik sil al hiel lang de souder opromje, en it hok, it oaljepeil fan de auto tsjekke en dy iene mail beantwurdzje: sorry, Bert. Mei oare wurden: dat kodisil is him mei my ek noait wurden. Dus is dy nije wet in goed ding. Ik freegje my allinne ôf of de ferskate ûnderdielen noch wat foar in oar betsjutte kinne. Want dy ha yn alle gefallen net fan in âld wyfke west, en ha aardich kilometers op de teller. De eagen, bygelyks. Dêr sitte net allinne swarte puntsjes yn dy’t as fruitmichjes hiele dagen hinne en wer sjitte, mar dy ha ek glêzen mei de dikte fan termopeenruten nedich om te funksjonearjen. It fel, noch sawat. Op plakken is it knap rostich, en op oare plakken sit safolle inket dat Parker syn fulpinnefabryk derop draaie litte kin. De lever is in held, in âld strider dy’t safolle alkohol ferarbeide hat dat er op syn minst in stânbyld fertsjinnet. Wat syn kondysje lykwols oangiet is it in spultsje fan: garânsje ta de foardoar.

En dat jildt yn prinsipe foar alles dat foar donaasje yn de beneaming komt: prestaasjes út it ferline biede gjin wissichheid foar de takomst. Toch bin ik ree om oaren mei myn twaddehâns guod te helpen. By foarkar nei myn dea en mei in skean each op de technologyske ûntjouwings. Want organen út de 3-d printer sitte deroan te kommen, krekt as bygelyks keunstmjittich kweekt hûdweefsel en eilantsjes fan Langerhans. Oant it safier is rekkenje ik foar it gemak op Pia har wet. Hoe sit dat mei jim?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)