Fúzje basisskoallen Steggerda en De Blesse

03 jul 2017 - 22:58
Foto: Omrop Fryslân

Iepenbiere basisskoallen de Triangel yn Steggerda en de Doarpsskoalle yn De Blesse wolle fan augustus 2018 ôf fusearje. Dy winsk hawwe se kenber makke by gemeente Weststellingwerf.

De skoallen hawwe te krijen mei in ôfnimmend tal learlingen, mar wolle foar de takomst wol graach kwalitatyf goed ûnderwiis leverje. Earste stap fan de fúzje is dat de iepenbiere skoallen bestjoerlik fusearje, mar wol twa lokaasjes bliuwe.

Foar it ûnderwiisoanbod nei 2020 wolle de skoallen besjen wat de mooglikheden binne om op te gean óf gear te wurkjen mei de katolike Fredericusskoalle yn Steggerda. Dat helberheidsûndersyk duorret yn alle gefallen oant begin 2020.

Trefwurden: 
Steggerda De Blesse fusearje
(Advertinsje)
(Advertinsje)