Brêgen yn Frjentsjer wurkje wer

03 jul 2017 - 22:49
De brêge wol net mear op of del - Foto: Facebook Folkert Kuperus

De trije brêgen yn Frjentsjer oer it Van Harinxmakanaal wurkje wer. Monteurs ha de steuring fan moandeitemoarn ferholpen. It giet om de Kiestersylbrêge, de Frisiabrêge en de Stasjonsbrêge. Sûnt moandeitemoarn koene de trije brêgen net betsjinne wurde troch in steuring yn in kabel.

Trefwurden: 
steuring brêge Frjentsjer
(Advertinsje)
(Advertinsje)