Bouput Burdaard feroaret yn fakânsjepark

04 jul 2017 - 06:24

Lang om let krije de rekreaasjewenningen by de haven fan Burdaard hieltyd mear stâl. Op it stuit stean der fakânsjehúskes op acht fan de njoggen kavels.

In pear jier lyn waard it projektplan Waterrijck Burdaard presintearre mei de bou fan goed fyftich fakânsjehúskes, mar ein 2015 waard it fallisemint fan it projekt útsprutsen. Der wienen te min kavels ferkocht. Kavelhâlder Jansma Burdaard B.V. besleat doe om sels mei de bou te begjinnen en trune ek oare eigeners oan.

Oan de ein fan it jier moat alles oanlein wêze en kinne de wenten ferhierd wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)