Blommen ynset tsjin ikeprosesjerûp

Steatsboskbehear is dwaande mei in proef om de ikeprosesjerûp op in natuerlike wize te bestriden. Gewoanwei wurde de bisten fuortsûge om foar te kommen dat de hierkes fan de bisten de hûd fan minsk yrritearret. Steatsboskbehear sil no in wâl fan blommen plantsje mei krûdemingsels, dy't bijen en oare natuerlike fijannen fan de ikeprosjerûp, lykas fûgels, oanlûke. De proef wurdt útfierd yn parten fan de Spoekeplas, bûtenpleats Oranjewâld en boartersbosk Sparjebird.