Fryske bern nei Litouwen foar International Children's Games

Alve bern út de gemeente De Fryske Marren dogge fan moandei ôf mei mei de International Children's Games yn Litouwen. It is it grutste jeugdsportevenemint fan 'e wrâld en der dogge mear as 2.000 bern fan tusken de 12 en 15 jier mei út mear as tritich lannen. De opset liket in soad op dy fan de Olympyske Spelen, mar it draait hjir net allinnich om de prestaasjes, mar ek om it yn de kunde kommen mei oare kultueren en gebrûken.
Der wurde alle jierren twa Nederlânske gemeenten frege om dielnimmers te leverjen. Neist De Fryske Marren is dat dit jier Alkmaar.