Snitser wenwyk Noorderhoek wurdt oanpakt

03 jul 2017 - 20:48

De Worp Tjaardastrjitte yn Snits wurdt lang om let dochs oanpakt. De gemeente wol jild beskikber stelle foar ferkearsremjende maatregels. De strjitte is ûnderdiel fan de âlde trochgeande dyk om de stêd hinne en is neffens omwenners fierstente noedlik. Der wurdt te hurd riden en it is der te drok.

Azc

It wykplatfoarm Noorderhoek pleitet al jierren foar maatregels, mar oant no ta wie dêr gjin jild foar. Dat der no dochs jild beskikber komt, komt troch de komst fan it azc yn de wyk. It COA betellet dêr hier foar oan de gemeente. Hjirtroch hat de gemeente jild oer dat kin brûkt wurde foar it opknappen fan de wyk.

Leefberens

Neist de oanpak fan de ferkearsfeiligens wol de gemeente ek in tal oare maatregels nimme om de leefberens yn Noorderhoek oan ta pakken. Yn totaal giet it om in ynvestearring fan hast 400.000 euro. De gemeenteried moat noch wol teset oer it jild.

Trefwurden: 
Noorderhoek Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)