Wenningoerfal De Pein: eask selstraf en behanneling

© Omrop Fryslân, Joris Kalma
It Iepenbier Ministearje hat in selstraf fan trije en in heal jier easke tsjin in 21-jierrige ynwenner fan Drachten fanwege in gewelddiedige wenningoerfal. Dêrfan is oardel jier ûnder betingst. De fertochte en syn twillingbroer oerfoelen yn oktober foarich jier in frou yn har wenning yn De Pein. De frou waard dêrby mishannele. De broer wie earder al feroadiele ta twa jier selstraf.
Beide manlju soene ek in behanneling ûndergean moatte yn in ôfkickklinyk en ûnder begelieding wurkje oan harren persoanlikheidsproblematyk. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.