Terras 'Badmeester Keimpe' is bêste fan Fryslân

03 jul 2017 - 19:57

It terras van 'Badmeester Keimpe' yn Balk is útroppen ta bêste terras fan Fryslân. Yn de lanlike top 100 kamen se út op it achtste plak en wiene dêrmei it heechst skoarende terras yn de provinsje. Tsien Fryske terrassen wiene nominearre, wêrfan't trije yn Snits dat dêrmei de terrashaadstêd fan Fryslân bliuwt. De folchoarder fan de ferkiezing wurdt bepaald troch ûnderfiningen fan in 'mistery visitor' en in saakkundige faksjuery.

Oare Fryske terrassen út de top 100 binne De Buurman fan It Hearrenfean (16), De Walrus yn Ljouwert (20), Hotel Nobel yn Ballum, It Amelân (22), Bommel, Snits (34), 't Gerecht fan It Hearrenfean (56), De Walrus yn Snits (72), Lunia yn Alderberkeap (75), Fellini yn Ljouwert (80) en Het Wapen van IJlst yn Drylts (98).

(Advertinsje)
(Advertinsje)