Marrit Jasper oproppen foar Nederlânsk follybalteam

03 jul 2017 - 18:01
Marrit Jasper yn har Snits tiid (hjir op argyfbyld) - Foto: awfoto.nl

Follybalster Marrit Jasper fan Snits is wer opnaam yn de seleksje foar it Nederlânsk follybalteam. Jasper docht dit wykein mei oan de World Grand Prix wedstriden yn Apeldoorn. Fan freed oant en mei snein spilet it Nederlânsk team tsjin de Dominikaanske Republyk, Tailân en Japan.

Fan 14 oant en mei 16 july spylje de froulju yn Ruslân en tusken 21 en 23 july binne der noch trije wedstriden yn Brazilië. Dêr docht Jasper ek mei. Earder gong se ek mei nei in toernoai yn Frankryk en nei de WK-kwalifikaasjewedstriden yn Azerbeidzjan.

Trefwurden: 
Marrit Jasper follybal Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)