Frânske boer fynt Fryske stazjêre nei 35 jier fia Facebook

Al in pear dagen gie it berjocht rûn op social media: In Frânske boer út Normandië siket twa famkes út Ljouwert. Guy Roulland is syn namme en hy wie op syk nei Sjoukje Brouwer en Colette of Gonette Kramer, dy't begjin jierren '80 staazje by him rûnen. It kontakt ferwettere dêrnei, mar nei't it Facebookberjocht sa'n 10.000 kear dield waard, is ien fan de famkes fûn.
Sjoukje Brouwer hjit no Reitsma en sy hat yn 1982 trije moannen staazje rûn by de Frânske boer. Se wie 18 jier âld en siet op de middelbere lânbouskoalle yn Snits. Yn dy tiid wie dat net fanselssprekkend. De jonges fan de oplieding gongen nei Kanada te staazjerinnen, mar dat mocht Sjoukje net. It waard Frankryk en dêr belibbe se bysûndere moannen. Boer Roulland koe gjin wurd Ingelsk of Nederlânsk en Sjoukje koe gjin Frânsk. "Der waard tsjin my sein dat hy wol Ingelsk koe, mar hy koe likefolle Ingelsk as ik Frânsk", fertelt se.
Geweldige tiid
Buorkje koe se wol en de boer wie entûsjast en woe har alles leare. Hy naam har oeral mei hinne. "In geweldige tiid", seit Sjoukje. Twa jier letter hat se noch werom west mei in freondinne en in wike mei in tinte by de buorkerij slept. Doe wie dat oare famke dêr't de boer nei op syk is der ek. "Mar ik koe har net, dus ik wit har namme ek net presys." Sjoukje woe nei al dy jierren nochris werom nei de no 71-jierrige boer, mar hat dat nea dien. "Dat moat no seker gebeure, mar ik sil earst probearje him even in brief te skriuwen."