Royal Smilde nimt itensmerk foar bern oer

03 jul 2017 - 16:25
Foto: Royal Smilde

Fiedingsmiddelskonsern Royal Smilde op It Hearrenfean nimt it itensmerk foar bern Fred & Ed oer. It merk bringt sûnt tsien jier ûnder oare nútsjesmoar, sjem en sjerp, mar ek minytomaatsjes en komkommerkes yn Nederlân op de merk. Royal Smilde wol se no ek yn it bûtenlân yntrodusearje. Dat bart tagelyk mei in oar merk fan it bedriuw, de Homemade-bakmiksen. Neffens de direksje fan it Feanster konsern stimt dat oerien mei de strategy fan it bedriuw om mear de bûtenlânske merk op te gean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)