Program Explore the North rûn

26 okt 2011 - 16:31

It program foar it nije festival Explore the North is bekend. Skriuwers as Eeltsje Hettinga en Nyk de Vries steane op it program dat ek in soad omtinken foar muzyk hat. Tal fan artysten út Skandinavië dogge ek mei, lykas Sigurbjörg Thrastardottir. It multydissiplinêre kulturele festival is 25 en 26 novimber yn Ljouwert en omkriten. Sintraal stiet in mei elkoar sykjen nei it noardlike gefoel. Der binne ek projekten mei keunstners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)