Skoalbern bouwe boaten op skipswerf De Vries yn Makkum

By skipswerf De Vries yn Makkum hawwe sa'n hûndert bern fan trije basisskoallen út it doarp moandei oan it boatsje bouwen west. De skipswerf hat de bern fan de groepen sân en acht útnûge yn de hoop dat se letter yn de sektor wurkje wolle. Skipswerven sitte te springen om minsken, want it is tsjintwurdich dreech om goed personiel te finen. Foar direkteur Sijbrand de Vries wie it de earste kear dat er bern útnûge op de fêstiging yn Makkum. Op de lokaasje yn Aalsmeer wurdt it al langer dien.