Ljouwerter ûndernimmers posityf oer nij Cambuurstadion

De Ljouwerter ûndernimmers binne foar it grutste part bliid mei de plannen foar in nij Cambuurstadion yn it WTC-gebiet. Dy konklúzje is te lûken nei in gearkomste dy't de gemeente Ljouwert moandei hold mei ûndernimmers út de stêd. Nei in taljochting fan de ûntwikkelers, de gemeente en SC Cambuur sels, giene de measte fragen oer it parkearjen. Ek oer de ferbining fan it WTC-gebiet mei de binnenstêd wie noch wol wat soarch, mar fan prinsipiële problemen, of robúst ferset tjin de ferpleatsing fan it stadion wie gjin sprake.
Mariëlle Diepenmaat, dy't oan de Voorstreek in sportzaak runt, makket wol beswier tsjin de mooglikheid dat yn it WTC-gebiet in winkel yn sportartikelen komme mei. Neffens har giet dat ten koste fan de binnenstêd, dy't it al sa dreech hat yn de stiid tsjin de leechstân. De gemeenteried sil mooglik noch foar de simmer oer de stadionplannen in beslút nimme.