Rederij Doeksen hat in goed jier achter de rêch

03 jul 2017 - 14:48
Ien de boaten fan Doeksen - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Rederij Doeksen hat it it ôfrûne jier drokker hân as it jier derfoar. De boat gie in stik faker en der waarden mear minsken oerset nei Flylân en Skylge en fan de eilannen nei de fêste wâl. De boat gie yn dik 99 persint fan de gefallen op 'e tiid. Doeksen is dêr hiel grutsk op, meldt it bedriuw, mar besiket dy skoare dit jier dochs te ferbetterjen. Neffens ôfspraken mei de oerheid moat 95 persint fan de ôffearten op 'e tiid wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)