Skylge kin oan de slach mei earste sinnefjild

03 jul 2017 - 13:52
Sinnepaniel

De enerzjykoöperaasje Terschelling Energie kin oan de slach mei har earste sinnefijld op it eilân. De koörporaasje mei fan it Ryk gebrûk meitsje fan de subsydzje SDE+. Dit is in regeling dy't de produksje fan duorsume enerzjy stimulearret. Der binne plannen foar de oanlis fan goed 1500 sinnepanielen yn Hee. Dêrmei kin enerzjy opwekt wurde foar sa'n 130 húshâldens op it eilân.

De subsydzje wurdt takend foar in perioade fan 8 oant 15 jier en wurdt jierliks útbetelle op basis fan de werklik levere sinnestroom. Neffens Terschelling Energie is it in wichtige stap om it eilân sa gau as mooglik duorsum te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)