Meldpunt foar klachten oer burokrasy yn Weststellingwerf

03 jul 2017 - 12:23
Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Ynwenners fan Weststellingwerf dy't problemen hawwe mei de burokrasy yn de gemeente kinne tenei harren klachten kwyt op in spesjaal meldpunt. It meldpunt is opset troch it CDA yn de gemeenteried. Alle klachten wurde besjoen, en de meiwurkers fan de partij sille sjen hokker regels oanpast wurde kinne.

"Bureaucratie kan inwoners in de weg zitten om iets bij de gemeente Weststellingwerf te regelen. Dat verhoogt de drempel en moet niet de bedoeling zijn." Sa seit fraksjefoarsitter Albert van den Berg. As de ûnnedige regeldruk net lokaal oplost wurde kin, dan wol it CDA partijgenoaten yn de Twadde Keamer ynskeakelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)