Trije brêgen yn Frjentsjer stikken

It skipfeartferkear moat yn Frjentsjer rekken hâlde mei opûnthâld en fertraging. Trije brêgen yn de stêd kinne op it stuit net betsjinne wurde. De oarsaak leit yn in breuk yn in kabel. Neffens Rykswettersteat hawwe de Kiestersylbrêge, de Frisiabrêge en de Stasjonsbrêge yn Frjenstjer te krijen mei de steuring. De problemen binne om sa'n healwei tsienen hinne begûn. Der leit ûnder oare in frachtskip fan sa'n 80 meter oan de kant te wachtsjen oant de problemen mei de brêgen foarby binne. It is noch net dúdlik oant hoe lang de steuring duorje sil, de brêgen wurde earst mei de hân betsjinne.