"Pak dy Fabryksfeart oan!"

03 jul 2017 - 10:59
De ein fan de Fabryksfeart yn Stynsgea - Foto: Google Street View

Ynwenners fan Stynsgea wolle dat de gemeente Achtkarspelen faasje makket mei it opknappen fan de fersmoarge Fabryksfeart. By de feart binne protestbuorden pleatst om omtinken foar de kwestje te freegjen. Neffens de inisjatyfnimmers wurdt der al jierren praat mei de gemeente, it Wetterskip en de provinsje, mar wurdt der neat dien. De feart moat neffens de ynwenners baggere wurde en de wâlskanten fernijd. Doarpsbelang en de buert Feartswâl hawwe oanjûn dêrby helpe te wollen. Kommende tongersdei wurdt de feart mooglik besprutsen yn de riedskommisje.

Trefwurden: 
Fabryksfeart Stynsgea
(Advertinsje)
(Advertinsje)