Kramers nije bestjoerder Jeugdbeskerming

03 jul 2017 - 09:58

De eardere korpssjef fan de plysje Noard-Nederlân, Nathalie Kramers, wurdt mei yngong fan 18 septimber de nije bestjoerder fan Jeugdbescherming Noord. Sy folget Wieteke Beernink op, dy't nei Accare berne- en jeugdpsychiatry giet. Kramers is bekend mei de soarch foar jongerein, om't sy jierren aktyf wie as tafersjochhâlder by meardere organisaasjes yn dizze sektor.

(advertinsje)
(advertinsje)