Kollum: "Och, Angela toch"

03 jul 2017 - 08:25

"Ofrûne freed stimde in grutte mearderheid yn it Dútske parlemint foar it homohoulik. Ik hearde it nijs op 'e radio en skrok der suver fan. Net fan it feit dat it homohoulik oannaam is, mar fan it feit dat dit der yn Dútslân noch hielendal net wie. Ik ha seker net goed oplet, want ik tocht dat Dútsers allang trouwe mochten mei wa’t se mar wolle. Mar nee dus. En wa blykt it homohoulik ta myn grutte teloarstelling al dy jierren keard te hawwen? Angela Merkel.

Angela Merkel; de frou dy’t yn 2005 skiednis skreau troch de alderearste froulike bûnskanselier fan Dútslân te wurden. De frou mei hier op de tosken, dy’t net ûnder de yndruk is fan macho's as Poetin en Trump. Dy’t boppedat de Turkse president Erdogan in feech út de panne joech doe't er it ferbieden fan syn kampanje yn Dútslân en Nederlân fergelike mei Nazi-praktiken. Koartsein: in frou dy’t har mantsje stiet.

Angela Merkel is ek de frou dy’t de ôfrûne jierren de grinzen iepen sette foar flechtlingen. Dy't nettsjinsteande de oanslaggen en slimme ynsidinten mei frjemdlingen foet by stik hâlde om't se fynt dat elkenien dy't help nedich hat wolkom is. Se krige hiel wat krityk op har flechtlingebelied, mar liet har de kop net gek meitsje. “Wir schaffen das” waard har bekendste útspraak.

Mei dit foarútstreefjende belied wûn se it ôfrûne jier de prestizjeuze Four Freedoms Award. De priis dy't takend wurdt oan minsken dy't harren sterk meitsje foar frijheden lykas mieningsutering en godstsjinst en dêrby 'gevrijwaard zijn van gebrek en vrees'.

Angela Merkel is de frou dy't troch it Amerikaanske tiidskrift Forbes al meardere kearen útroppen waard ta de meast ynfloedrike frou fan de wrâld. Sy lit froulju sjen dat alles kin ast mar wolst. Se ropt froulju boppedat op om ek te striden foar topposysjes, wêrby’t se like folle fertsjinje as manlju. Want froulju en manlju binne gelyk, fynt Merkel. En dêrmei is se in rolmodel foar froulju oer de hiele wrâld. De Amerikaanske presidentskandidate Hillary Clinton neamde har sels har eigen grutte foarbyld.

En just dizze frou hat jierrenlang it homohoulik yn Dútslân tsjinhâlden. Sterker noch, se stimde ôfrûne freed tsjin it feroarjen fan de wet. Manlju en froulju binne dan miskien gelyk yn har optyk, mar mei itselde geslacht trouwe, dat kin net. De reden foar Merkels’s ‘nein’? Omdat it houlik sa as it yn de grûnwet omskreaun is, neffens har allinnich tusken in man en in frou plakfine kin.

Ik snap dêr neat fan. De frou dy't bekend stiet as foarbyld fan it frije westen, dy't al mear as tolve jier striidt foar saken as likense rjochten, frijheid fan mieningsutering en deselde kânsen, jout belies as it giet om trouwen mei ien fan itselde geslacht.

Ik kin soks net begripe. Datst samar ynienen al dyn prinsipes oer board smytst omdat it sa yn de grûnwet stiet. Dat is toch de wrâld op 'e kop. Moast dy foarstelle dat Jesse Klaver ynienen tsjin sinnepanielen stimme soe. Of Marianne Thieme dy’t pleitet foar mear plofkip. Gert-Jan Segers dy’t in Bibelferbod foarstelt of Geert Wilders dy’t Henk en Ingrid it lân útsette wol. It kloppet gewoan net.

Lokkigernôch wie der in grutte mearderheid yn it parlemint dy't wol foar it homohoulik stimde, wêrtroch't elkenien yn Dútslân no lang om let mei syn of har grutte leafde trouwe mei. Nettsjinsteande de ‘nein' fan Merkel kinne homo’s inoar no einliks it ja-wurd jaan. Hartstikke moai, mar as ik Dútser wie soe ik gjin nij polityk houlik mei Angela oangean wolle. By de ferkiezings yn septimber soe ik knetterhurd ‘nein’ stimme."

(Advertinsje)
(Advertinsje)