Fryske eksperts nei Parys om Mata Hari

03 jul 2017 - 06:37

Der set tiisdei in team fan eksperts ôf nei Parys. It is in tarieding op de tentoanstelling oer Mata Hari yn it Fries Museum, dy't yn oktober fan start giet. Earst sil de groep nei Rotterdam om de nije oanwinsten fan it museum te besjen. It binne 14 stikken dy't it museum yn maart kocht hat op in feiling fan de erven fan Rudolph McLeod, de eks-man fan Margaretha Zelle. By dizze saken sitte in boekje dêr't se de ûntwikkeling fan har bern yn byhâlde, in brosj en inkele brieven út de tiid dat it echtpear yn Nederlânsk-Ynje wenne.

Dêrnei giet it ynternasjonale ekspert-team nei Parys. Dêr sille de argiven en de brûklienen fan it militêre argyf yn Vincennes en Musée Guimet besjoen wurde. Musée Guimet is it museum dêr't Margaretha foar it earst har optredens die as de Easterske dûnseres Mata Hari. Yn it militêre argyf krije de eksperts ynsjoch yn de papieren oer Mata Hari, doe't se yn 1917 yn de finzenis siet en letter foar it fjoerpeloton kaam. It ekspert-team sil ek noch in besite bringe oan it Grand Hotel, dêr't Mata Hari doedestiids faak wie.

It team bestiet út konservator Yves Rocourt en Hans Groeneweg fan it Fries Museum en út in pear saakkundigen út it bûtenlân. Julie Wheelwright is histoarikus en skriuwster fan it boek 'The Fatal Lover: Mata Hari and the Myth of Women in Espionage'. Jean-Pierre Tubergue is ekspert op it mêd fan Frânske militêre argiven oer Mata Hari. Hy hat dêr in boek oer skreaun: 'Mata Hari - le dossier secret du conseil de guerre'.

Fan 14 oktober ôf, krekt 100 jier nei har eksekúsje, begjint yn it Fries Museum de grutste ynternasjonale tentoanstelling ea oer Mata Hari. Der komme goed 100 stikken út binnen- en bûtenlân nei Ljouwert. Sa as bygelyks persoanlike besittingen, foto's en brieven. De dossiers út de Frânske militêre argiven binne noch mar krekt foar it earst frijjûn en hawwe noch nea te sjen west foar it publyk. De tentoanstelling giet net allinnich oer Mata Hari as dûnseres en oft se no ál of net spionne wie. It is ek in persoanlik ferhaal oer hoe't Margaretha as lyts famke yn Ljouwert opgroeide en oer har rol as mem.

Trefwurden: 
Mata Hari Fries Museum
(Advertinsje)
(Advertinsje)