Ekstra foarstelling foar Bauck! op 10 july

© Bauck!
Fanwege de grutte fraach nei kaarten foar iepenloftspektakel Bauck! yn Berltsum hat it bestjoer fan de stichting Grut Hermana besletten ta in ekstra foarstelling. ,,Wy woenen safolle mooglik minsken de kâns jaan om it spektakel oer Bauck van Hemmema, de earste Fryske frijheidsstriidster, sjen te litten. It rûn stoarm mei de oare foarstellingen. Dêrom is der no noch ien kâns op 10 july’’, seit Sytze Sijens, de foarsitter fan de stichting Grut Hermana, dy’t it teäterspektakel organisearret.

Bauck! waard skreaun en it dekor foarmjûn troch Sybe Joostema. De rezjy is fan Grytha Visser. De muzikale lieding fan Clara Rullmann, Nienke Bos makke it ûntwerp fan de 60 kostúms. De kaarten binne op bauck.nl te bestellen.