Monfils-en-dy winne frouljuskeatsen yn Penjum

02 jul 2017 - 22:04
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

It partoer fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra wûn snein yn Penjum de frije formaasje wedstriid yn de haadklasse by de froulju. Yn in iensidige finale kaam it partoer fan Louise Krol, Imke van der Leest en Sjanet Wijnia net fierder as ien earst. Op 5-1 en 6-4 wie it foarbyslaan fan de keats troch Nynke Sijbrandij foldwaande foar de tredde winst fan it seizoen.

De lytse preeemje gie nei Nicole Hempenius, Sandra Hofstra en Harmke Siegersma troch in 5-4 en 6-0 winst op it partoer fan Jildou Sweering. De grutste ferrassing fan de earste omloop wie it ferlies fan it partoer fan Ilse Tuinenga-en-dy fan it partoer fan Louise Krol. In boppeslach fan Imke van der Leest op 5-3 en 6-6 soarge derfoar dat it op foarhân favorite partoer Tuinenga gau klear wie.

Trefwurden: 
Penjum Anne Monfils keatsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)