Twa minsken ferwûne by brân yn boatsje by Noardburgum

02 jul 2017 - 21:57

Twa minsken moasten sneintejûn by Noardburgum yn it wetter springe, doe't harren motorboatsje yn brân fleach. It boatsje baarnde hielendal út. De opfarrenden waarden mei brânwûnen oerbrocht nei it sikehûs.

De brânwacht kaam gau yn aksje mei in blusauto en in blusboat en krige de brân mei wat muoite rillegau ûnder kontrôle. De oarsaak fan de brân is noch net dúdlik.


Trefwurden: 
boatsje brânwûnen brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)